Achte skûtsjekommisjes,
Alderearst tige lokwinske mei alle behelle resultaten tidens de SKS fan dit jier!
Sa as jim miskien wol lêzen ha giet de foarstelling Skippersbitter op 18 septimber yn reprize.
Yn de reeks fan foar de simmer mochten we in soad minsken fanút jim kommisjes moetsje by ien fan de foarstellingen. Wy hienen nea tocht dat it sa’n grut sukses wurde soe, en dêr ha jim oan bydroegen, tige tank dêrfoar!!
Mar miskien binne der noch hieltiid skûtsjeleafhawwers dy’t de foarstelling noch net sjoen ha, as guon dy it miskien wol foar de twadde kear sjen wolle.
By dizze stjoer ik jim dan ek ús nije spyllist ta mei alle spyldata. Miskien witte jim noch minsken wêrfan jim tinke ‘dy moat dit sjen!’, dan kinne jim it by dizze (nochris) by harren ûnder de oandacht bringe.
Alfêst en nochris tige tank foar alles en wa wit moetsje we mekoar wer by Skippersbitter.
Mei freonlike groetnis,
Theo Smedes
Skipperbitter